Stoarmfloed 1825

Dit jier (2025) is it presys 200 jier lyn dat de stoarmfloed fan 1825 grutte parten fan Nederlân oerstreamde. Mei dizze les kinst yn dit betinkingsjier yn dyn klasse oandacht besteegje oan de stoarmfloed. Hielendal ast lesjoust yn Fryslân en Oerisel (de provinsjes dy’t it swierst troffen waarden) is it in moai stikje regionale skiednis.

 

Dizze les hat ek in rike tekst, dêr’t bern harren taal- en tinkûntwikkeling mei oefenje. De rike tekst is bedoeld om te ynformearjen oer de stoarmfloed. Dêrnei kinst klassikaal de byhearrende kwis dwaan. Dêrmei kinne de learlingen de ynformaasje ferwurkje.

 

Tip: gean oanslutend op dizze les op ‘e siik nei spoaren fan de stoarmfloed fan 1825 yn de eigen omjouwing. Wat is der noch oer werom te finen?

 

Doelgroep

Groep 6, 7 en 8.

 

Oansluting fakken

  • Skiednis
  • Ierdrykskunde & topografy
  • Taal (begripend lêzen, lêsstrategyen), Frysk

 

Leardoelen

De learlingen leare:

  • Wat der barde by de stoarmfloed fan 1825 en wêr’t dat wie
  • Wat de oarsaak wie fan de stoarmfloed en wat springfloed is
  • Hoe’t Nederlân der yn 1825 útseach en wat it ferskil is mei no
  • Hoe’t minsken harren eartiids beskermen tsjin wetter en hoe’t wy dat no dogge
  • Hoe’t wetterbouwers bydrage oan it beskermjen fan Nederlân tsjin heechwetter

 

Lesûnderdielen

Dizze les bestiet út twa ûnderdielen:

  1. Rike tekst oer de stoarmfloed
  2. Kwis

 

It belang fan rike teksten

Rike teksten drage by oan de wurdskat- lês- en skriuwûntwikkeling en biede learlingen likense kânsen op it ûntwikkeljen fan in sterke taalbasis. Tagelyk leare sy mei rike teksten oer harsels en de wrâld, oefenje se harren ûnthâld en prikelje sy harren ferbylding.

 

Boarne: www.slo.nl/thema/meer/samenhang-primair-onderwijs/taal-samenhang/rijke-teksten/