Beleef de kracht van stoom en water

FLOED: in bysûndere teäterbelibbing by it Woudagemaal

De nije foarstelling FLOED is de kroan op it 100-jierrich bestean fan it Ir. D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer. Stichting de Noorder Smederij bringt de foarstelling coronaproof yn septimber/oktober 2021. Spesjaal foar dit jubileum biede wy it UNESCO Wrâlderfguod oan as poadium foar dizze Frysktalige teäterproduksje. Underdompele yn teäter en muzyk belibbet de taskôger it ferhaal fan FLOED yn en om it Woudagemaal. Kaartferkeap begjint op sneon 24 april 2021.

 

It ferhaal fan FLOED

It Woudagemaal op ‘e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch altyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal.
Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleaze langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare by it Iselmar leafdesbrieven oan it wetter skriuwt, beslút Gula om it Woudagemaal út har sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op ‘e tiid wêze om Mare te rêden?

 

 

Besjoch de teaser fan Floed:

 

 

‘Onze boodschap prachtig verwoord’

Yn it jubileumprogramma ‘100 jier Woudagemaal’ biedt Wetterskip Fryslân graach it stoomgemaal oan as poadium foar FLOED, seit dykgraaf Luzette Kroon. ‘Het is een bijzondere theatrale en muzikale beleving, waarin cultuur en water met de mienskip worden verbonden. Dat het leven met water niet vanzelfsprekend is, merken wij dagelijks in ons werk. De veranderingen in het klimaat vragen om meer investeringen, andere oplossingen, maar vooral ook om een andere mentaliteit. We zijn met elkaar verantwoordelijk om ervoor te zorgen dat we ook in de toekomst veilig kunnen wonen, werken en recreëren in ons land. Deze boodschap heeft Stichting de Noorder Smederij prachtig verwoord in de voorstelling FLOED. Hiermee willen we graag een breed publiek op een andere manier laten genieten van het unieke karakter van ons Werelderfgoed.’

 

Ir. D.F. Woudagemaal

It Woudagemaal, eigendom fan Wetterskip Fryslân, is it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan 'e wrâld. It stoomgemaal waard yn 1998 op 'e UNESCO Wrâlderfguodlist pleatst. By ekstreem heech wetter soarget it gemaal noch altyd foar drûge fuotten yn Fryslân. Keninginne Wilhelmina iepene it Woudagemaal mear as hûndert jier lyn, op 7 oktober 1920. In unyk gebou op in unike lokaasje en noch altyd funksjonearjend yn in tige aktuele kontekst: de striid tsjin it wetter.

 

Spyldata en kaartferkeap

Spyldata: 17 septimber o/m 2 oktober 2021. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. Bestel no alfêst jo kaarten en sjoch foar mear ynformaasje op: www.floed.nl

Vertaling Nederlands:

FLOED: een bijzondere theaterbeleving bij het Woudagemaal

De nieuwe voorstelling FLOED is de kroon op het 100-jarige jubileum van het Ir. D.F. Woudagemaal in Lemmer. Stichting de Noorder Smederij brengt de voorstelling coronaproof in september/oktober 2021. Speciaal voor dit jubileum bieden wij het UNESCO Werelderfgoed als podium aan voor deze Friestalige theaterproductie. Ondergedompeld in theater en muziek beleeft de toeschouwer het verhaal van FLOED in en rond het Woudagemaal. De kaartverkoop start zaterdag 24 april 2021.

 

Het verhaal van FLOED
Het Woudagemaal in Lemmer vertelt al meer dan honderd jaar verhalen. Maar één verhaal is nog niet verteld. Het verhaal van Mare en Gula, het water en het gemaal. Mare heeft maar één grote liefde in haar leven, het water. Die liefde transformeert in een eindeloos verlangen naar water, naar meer water. Als Mare liefdesbrieven schrijft aan het water bij het IJsselmeer, besluit Gula het Woudagemaal uit haar slaap te halen. Het water voor het gemaal stijgt tot dreigende hoogte. Het gemaal begint steeds harder te draaien, maar zal het op tijd zijn om Mare te redden?

‘Onze boodschap prachtig verwoord’
In het jubileumprogramma ‘100 jaar Woudagemaal’ biedt Wetterskip Fryslân het stoomgemaal graag aan als podium voor FLOED, vertelt dijkgraaf Luzette Kroon. ‘Het is een bijzondere theatrale en muzikale beleving, waarin cultuur en water met de mienskip worden verbonden. Dat het leven met water niet vanzelfsprekend is, merken wij dagelijks in ons werk. De veranderingen in het klimaat vragen om meer investeringen, andere oplossingen, maar vooral ook om een andere mentaliteit. We zijn met elkaar verantwoordelijk om ervoor te zorgen dat we ook in de toekomst veilig kunnen wonen, werken en recreëren in ons land. Deze boodschap heeft Stichting de Noorder Smederij prachtig verwoord in de voorstelling FLOED. Hiermee willen we graag een breed publiek op een andere manier laten genieten van het unieke karakter van ons Werelderfgoed.’

 

Ir. D.F. Woudagemaal
Het Woudagemaal, eigendom van Wetterskip Fryslân, is het grootste nog werkende stoomgemaal ter wereld. Het stoomgemaal is in 1998 op de Werelderfgoedlijst van UNESCO geplaatst. Bij extreem hoog water zorgt het gemaal nog steeds voor droge voeten in Fryslân. Koningin Wilhelmina opende het Woudagemaal ruim honderd jaar geleden, op 7 oktober 1920. Een uniek gebouw op een unieke locatie en nog steeds functionerend in een zeer actuele context: de strijd tegen het water.

Speeldata en kaartverkoop
Speeldata: 17 september t/m 2 oktober 2021. De regie is in handen van Theo Smedes.

Bestel nu alvast jouw tickets en kijk voor meer informatie op: www.floed.nl